Undergrûnske himpkwekerij fûn

10 mrt 2010 - 16:12

Oan de Iestdyk yn Feinsum is woansdeitemiddei in ûndergrûnske himpkwekerij ûntdutsen. De kwekerij wie ferstoppe yn trije seekontainers neist in hûnekennel. De tagong rûn lâns it hûnehok.

Mei-inoar waarden 500 planten yn beslach naam. De plysje kaam de kwekerij op it spoar oan de hân fan anonime tips. De 50-jierrige ynwenner fan it pân is oanhâlden. It is foar it earst dat der yn Fryslân sa'n ûndergrûnske kwekerij fûn is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)