Moanne fan Fryske literatuer

Moanne fan de Fryske literatuer ûnder oaren as ferfanging fan de sutelaksje
It Fryske Boek en Tresoar organisearje yn septimber in moanne fan de Fryske literatuer. Dy moanne komt yn it plak fan de Fryske Boekewike, dy't oars om dizze tiid hinne hâlden waard. It nije evenemint komt ek yn it plak fan de sutelaksje, dy't dit jier foar it earst net mear hâlden wurdt.
Der binne dan troch de hiele provinsje hinne literêre aktiviteiten. It Fryske boekewikegeskink wurdt dit jier skreaun troch Greet Andringa, en hat as titel "Los Sân".