Bonnema wurdt gjin riedslid

Bram Bonnema wurdt gjin riedslid yn Frjentsjerteradiel
FNP-er Bram Bonnema sjocht ôf fan syn beneaming as riedslid yn Frjentsjerteradiel. Bonnema wie de ôfrûne fjouwer jier wethâlder en wie ek beskikber foar dy funksje yn de kommende perioade. Hy wurdt lykwols net op 'e nij wethâlder, omdat de FNP net yn it kolleezje komt.
Bonnema hat der no foar keazen net werom te kommen as riedslid, omdat er dan mooglik beslute moat oer saken dy't er as wethâlder yn gong set hat.