De Jong net tsjin pornofilm

10 mrt 2010 - 14:26

Filmregisseur Steven de Jong hat gjin probleem mei de porno-persiflaazje, dy't makke wurdt fan syn film 'De Hel van '63'. De Frjentsjerter filmmakker Erik Zylstra wol in seksparody meitsje op De Jong syn film. De titel fan dy film wurdt 'De Del van '63'.

Earder hie Steven de Jong wol grutte muoite mei de parody dy't leden fan de Grinzer studinteferiening Bernlef makken op syn film De Schippers van de Kameleon.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)