Better tafersjoch ferkiezings

10 mrt 2010 - 13:04

FNP-senator Hindrik ten Hoeve fynt dat tenei ek by ferkiezings yn Nederlân offisjele waarnimmers tafersjoch hâlde moatte. Hy seit dat nei oanlieding fan de gaos by de gemeenteriedsferkiezings yn Rotterdam. Dêr moatte de stimmen op 'e nij teld wurde, nei goed 140 meldingen fan ûnregelmjittichheden.

Hindrik ten Hoeve is as lid fan de Earste Keamer geregeld wurksum as waarnimmer by ferkiezings yn it bûtenlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)