Ekstra kosten stoomtrein Snits

De stoomtrein tusken Snits en Starum
It is noch net dúdlik wa't opdraaie sil foar de ekstra kosten om de stoomtrein tusken Snits en Starum ride te litten. Troch in ûngelok ferline jier by Barendrecht tusken twa treinen binne der ekstra feiligensmaatregels nedich.
De ekstra kosten binne nei alle gedachten mear as in miljoen euro. De Stoomtrein Maatschappij fynt dat dizze foar rekken komme moatte foar de provinsje. Mar dy skoot it ôf op spoarweibehearder ProRail.