Busstasjons wurde opknapt

10 mrt 2010 - 12:02
  • Alle busstasjons yn Fryslân wurde opknapt

Alle busstasjons yn Fryslân wurde opknapt en oanpast. Dat betsjut net dat oeral yn de provinsje grutte oerkape stasjons komme, mar wol dat de passazjier krekt wat nofliker wachtsje kin op de bus. De kommende tiid wurdt dêr ekstra jild oan útjûn.

It jild komt út in pot fan 55 miljoen euro, dat it Ryk beskikber stelt foar it ferbetterjen fan it ferkear en ferfier. In part fan de euro's wurde ek brûkt foar it feiliger meitsjen fan de provinsjale diken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)