Provinsje: 'tink om de krimp'

10 mrt 2010 - 11:28

De provinsje ropt de partijen dy't de kommende fjouwer jier de gemeentlike kolleezjes foarmje op yn har plannen rekken te hâlden mei de krimp. Yn in brief oan de formateurs, dy't de foarming fan de kolleezjes begeliede, sketst de provinsje in byld fan de kommende jierren.

Dêryn stiet dat yn in oantal gemeenten de befolking oant 2030 wol mei tsien prosint weromrinne kin. Dat hat ûnder oare gefolgen foar skoallen en foar it tal te bouwen wenningen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)