Bom yn Ljouwert is nep

01 apr 2012 - 16:33

It objekt yn it Ljouwerter wetter is net gefaarlik. De bom oan de Westersingel dy't snein sjoen waard, is nei alle gedachten fold mei purskûm. De foto fan it objekt wie nei de EOD stjoerd en dy beneamde it foarwerp as 'zeer verdacht'. De helptsjinsten namen it serieus en namen foarsoarchsmaatregels. Boargemaster Crone sprekt fan in bûtenproporsjonele 1 april grap mei grutte gefolgen foar de maatskippij. Hy nimt de saak heech op. De plysje sil de dieder(s) opspoare. De kosten dy't makke binne, wurde mooglik op de dieder(s) ferhelle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)