Doekle Terpstra op list CDA

Doekle Terpstra stiet ek op de list fan it CDA
Joop Atsma, Sander de Rouwe en Rendert Algra binne troch de provinsjale ôfdieling fan it CDA foardroegen om nei de ferkiezings op'e nij twadde keamerlid te wurden. Se hawwe sels ek oanjûn graach werom komme te wollen.
De acht ôfdielings binnen de provinsje hawwe ek kandidaten foardroegen foar de list. Opmerklik is de namme fan Fries om utens Doekle Terpstra. Mirjam Datema fan it CDA yn Harns komt ek foar op de list dy't no foarriedich is.