Ferkearspriis foar Ljouwert

10 mrt 2010 - 10:29

De gemeente Ljouwert hat fan it Regionaal Orgaan Ferkearsfeiligens 'De Verstomde Schreeuw' krigen, foar syn ynset om it tal ferkearsslachtoffers werom te bringen. Yn 1998 wiene der noch 220 minsken slachtoffer fan in ferkearsûngelok yn Ljouwert.

Mei ferskate maatregels hat de gemeente dat oantal werombringe kinnen nei 111 yn 2007. 'De Verstomde Schreeuw' waard foar de alfde kear útrikt. Ferline jier wie Dantumadiel de winner.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)