Koper stellen fan fiif molens

© Omrop Fryslân
De plysje ûndersiket de stellerij fan koper fan fiif molens yn 'e provinsje. It giet om fjouwer molens yn de omkriten fan Warkum en ien yn de polder by Readtsjerk. By dy lêste molen waard twa kear koper stellen.
De stichting dy't it behear hat sit dêrtroch mei in skeapost fan sa'n 500 euro. It koper is yntusken ferfong, omdat it nedich is foar de tongerôflieder.