Man oppakt foar brânstifting

10 mrt 2010 - 09:34

De plysje fertinkt in 20-jierrige Snitser fan brânstifting. De man soe tiisdeitemiddei in hûs oan de Lindelaan yn syn wenplak yn 'e brân stutsen hawwe. Omdat it fermoeden wie dat der noch minsken yn it hûs wiene rukten de helptsjinsten massaal út. Ek waard der in traumahelikopter oproppen.

Neidat de brânwacht it fjoer útmakke hie die bliken dat der gjin minsken yn it hûs wiene. De 20-jierrige Snitser is meinaam nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)