Nij kolleezje Frjentsjer

10 mrt 2010 - 08:34

CDA en FNP komme net werom yn it kolleezje fan Frjentsjerteradiel. Dat is de útkomst fan besprekkingen ûnder lieding fan Gemeentebelangen. Dy hat as grutste partij mei alle oare partijen praat oer de foarming fan in nij kolleezje. Dêrút is nei foaren kaam dat dat bestean sil út PvdA, VVD en Gemeentebelangen.

Gemeentebelangen hat Joop Bekkema út Skalsum nei foarren skood as wethâlderskandidaat. De oare twa partijen moatte noch kandidaten melde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)