Grûndelgong: 42 miljoen nedich

10 mrt 2010 - 07:46

De maatregels dy't naam wurde moatte om de grûndelgong troch de winning fan gas en sâlt yn it noardwesten fan Fryslân op te fangen kostje 42 miljoen euro. Dat hat in stjoergroep berekkene. It giet ûnder oare om it fernijen fan gemalen en de oanlis fan bredere sleatten.

It werstelplan waard tiisdei presintearre oan de bewenners fan it gebiet. Dy reagearren skeptysk, benammen op de sifers fan de grûndelgong dy't brûkt wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)