Jild foar Ljouwerter wenwiken

09 mrt 2010 - 20:48

De Ljouwerter Frijheidswyk en de wyk Bilgaard binne yn de race foar in ekstra subsydzje fan twa miljoen euro. It Ryk hat de gemeente frege om mei plannen te kommen om it libjen yn de wiken te ferbetterjen.

De gemeente wol mei it jild foaral de groep bewenners tusken de 0-23 jier helpe. Ek bestiet it plan om in saneamd buertservicepunt op te setten dêr't minsken ynformaasje krije kinne oer saken dy't te krijen ha mei wenjen en wurkjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)