Alde muorre by opgravings

09 mrt 2010 - 17:09

By wurksumheden oan it winkelsintrum Nij Saailân yn Ljouwert is in stik muorre út de 16e ieu fûn. Archeologen wienen dwaande om te sjen oft der by it wurk gjin dielen fan de âlde Wurdumerpoarte yn 'e knipe komme soene. Dat wie net sa, mar der waard wol in stik muorre fûn, dat oait de súdlike wand foarme fan de wetterpoarte dy't dêr stien hat.

Fan de Wurdumerpoarte sels binne gjin resten fûn. Hie dat wol sa west, dan wiene dy bewarre bleaun.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)