Festiging KWR yn Ljouwert

09 mrt 2010 - 14:39

It liket goed mei de wettertechnology yn Ljouwert. Kennisynstitút KWR Watercycle Research Institute út Nieuwegein wol hjir yn april in festiging iepenje. KWR sil gearwurkje mei bedriuwen, wetterskippen en hegeskoalle Van Hall Larenstein. It personiel sil bestean út ûndersikers út Nieuwegein en minsken út Ljouwert.

Tagelyk is bekend wurden dat Siemens Nederlân gearwurkje sil mei Wetsus, it sintrum foar wettertechnology. Wetsus is bliid mei de komst fan it bedriuw.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)