Ferkearsregelers frijsprutsen

09 mrt 2010 - 14:29

De rjochtbank yn Ljouwert hat tiisdei de twa ferkearsregelers út Marrum frijsprutsen. De mannen fan 54 en 65 jier moasten foar de rjochter komme fanwege in ynsidint by de Bartlehiem-skeelertocht fan augustus 2008.

Se twongen in automobilist te stopjen om't der dielnimmers oankamen. De sjauffeur woe trochride en ried de manlju tsjin de skonken. Ien fan de regelers tikke mei in warskôgingsflachje tsjin it foarrút fan de auto dêr't doe in barst yn kaam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)