Sjauffeursfroulju yn aksje

09 mrt 2010 - 12:23

Foar de bestjoerders fan Transport en Logistiek Nederland stie der tiisdei op it regiokantoar yn Drachten in moarnsbrochje klear. Dat klinkt aardich, mar bepaald lúkse wie it net. Gjin sjampanje, salm of farske croissantsjes, mar de goedkeapste bôle mei nep-rûgeltsjes.

It wie in aksje fan sjauffeursfroulju foar in bettere CAO foar har mannen. Omdat dy sjauffeurs sels meastentiids ûnderweis binne, wie it thúsfront yn aksje kaam. Ynset: in bettere CAO.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)