Subsydzje foar Grutte Pier

09 mrt 2010 - 11:20

It Ljouwerter bedriuw Triangle Studios krijt in subsydzje fan 80.000 euro fan de provinsje foar it meitsjen fan in nij kompjûterspultsje mei Grutte Pier yn de haadrol.

It bedriuw is dwaande it ferhaal fan Pier Donia fan Kimswert te ferwurkjen yn in avontoerespultsje foar de Playstation. It wurdt dêrmei it earste ynternasjonale spultsje út Fryslân. De Fryske taal en it doarp Kimswert krije ek in prominint plak yn de game.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)