Soad besikers 'Huis en Tuin'

De beurs Eigen Huis en Tuin hat mear besikers lutsen as ferline jier. Tusken 4 en 7 maart besochten hast 30.000 minsken de beurs yn it WTC Expo. Yn 2009 wiene dat noch 28.500. Ek it tal bedriuwen dat op de beurs stie groeide fan 185 nei 210.
De organisaasje is optein mei de groei fan de beurs yn dizze ekonomysk minne tiden. De organisaasje neamt it opfallend dat de minsken in soad guod foar yn de tún of yn it hûs kocht hawwe.