Pûde mei himptoppen fûn

Yn in wenning yn Easterwâlde hat de plysje moandeitemiddei in 22-jierrige man út dat plak oppakt. Op de souder fan syn hûs fûn de plysje in grutte pûde mei himptoppen, mei in strjitwearde fan fiiftûzen euro. Ek waard der guod oantroffen wêrmei't de himp fersnijd en ferpakt wurde kin.
Nei ferhoar op it buro hat de man út Easterwâlde proses-ferbaal krigen. Dêrnei mocht er wer nei hûs. De himp is yn beslach naam.