Himpkwekerij fûn yn Ljouwert

De plysje hat moandeitenacht in himpkwekerij oprôle yn in hûs oan it Fennenplein yn Ljouwert. Om ien oere krige de plysje in melding dat dêr ynbrutsen waard. Der wie in rút fan it hûs fernield en der wiene spoaren fan braak oan de doar en it kezyn.
De ynbrekkers wiene al útnaaid, mar yn de wenkeamer trof de plysje in himpkwekerij oan. De stroom waard yllegaal ôftape. De himpkwekerij is ferneatige. De plysje is noch op syk nei de eigner fan de kwekerij.