Arriva wol gjin aksjekaartsjes

08 mrt 2010 - 21:16

Ferfiersbedriuw Arriva en ek oare regionale ferfiersbedriuwen akseptearje net langer de saneamde Kruidvat-kaartsjes. Dy kaartsjes binne in aksje fan de NS, mar neffens Arriva docht de NS dat sûnder mei har te oerlizzen. Arriva wurdt dan konfrontearre mei koartingsaksjes dêr't se neat fan witte.

Der is al faak oantrune op oerlis, mar de NS lit it ôfwitte. Arriva hat dêr no syn nocht fan en akseptearret dy aksje-kaartsjes net mear.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)