Foppe de Haan bliuwt yn Afrika

Foppe de Haan
Foppe_de_Haan bliuwt ek takom seizoen trainer yn Súd-Afrika fan Ajax_Cape_Town. De 66-jierrige fuotbaltrainer begûn yn oktober 2009 oan syn nije aventoer. Mei syn nije klup waard hy sânde yn de einstân. De ynwenner fan Nes Boarnsterhim hat it goed nei it sin yn syn nije omjouwing en is noch fit genôch foar noch in seizoen.
Foppe_de_Haan wie earder krapoan tweintich jier trainer by SC_Hearrenfean. Ek waard hy mei Jong_Oranje twa kear Europeesk kampioen.