Soad deade fisk troch winter

In soad deade fisken yn de winterperioade
Eigen ûndersyk fan Wetterskip Fryslân lit witte dat de ôfrûne perioade op in hiel soad plakken yn de provinsje fisken deagien binne. Dat is it gefolch fan it winterwaar en dan benammen de snie op it iis. Personiel fan it Wetterskip hat de ôfrûne dagen ynventarisearre wêr't it mis gong is.
Op hast tritich lokaasjes binne tusken de seis- en achthûndert deade fisken fuorthelle. Dat liket net in soad, mar it binne wol grutte fisken.