Rykswettersteat docht oanjefte

De haven fan Harns
Rykswettersteat docht oanjefte tsjin de eigners fan de EVT. Dit nei oanlieding fan it stikkenmeitsje fan in slot op de fearboatkade by Harns. Rykswettersteat pleatste dêr ôfrûne wykein stekken om foar te kommen dat passazjiers fan de EVT op de kade komme koene. Dit yn ferbân mei in skeel oer de fartiden fan de Eigen Veerdienst Terschelling.
Personiel fan de fearboat knipte in slot stikken om de 40 passazjiers dochs op de wâl te krijen.