Yn Frysk fersekering opsizze

08 mrt 2010 - 15:43

Friezen kinne fan moandei ôf folslein yn it Frysk in fersekering opsizze of ôfslute. Dêrfoar moatte se nei de ynternetside www.dutsen.nl. Dizze webside is opset troch in fersekeringskantoar út Snits. De provinsje stekt fyftjintûzen euro yn dizze earste Fryske fersekeringsside.

De inisjatyfnimmers wolle in ekstra diminsje oan it brûken fan de Fryske taal jaan. It Frysk waard oant no ta hielendal net brûkt yn fersekeringslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)