Binnenfeart hat it dreech

08 mrt 2010 - 14:23

De binnenfeart yn Noard-Nederlân hat bot te lijen fan de ekonomyske krisis. Rûchwei de helte fan de skippers hat it op dit stuit finansjeel dreech. Ien fan de oarsaken is dat der troch de krisis yn de bou folle minder boumateriaal ferfierd wurdt oer it wetter.

Mar ek de strange winter hat foar in soad finansjele problemen soarge. Sa koe der troch it farferbod lange tiid net fearn wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)