Wer mear abonnees LC
Nei it ferlies fan tûzenen abonnees yn 2009, giet it wer wat better mei de Ljouwerter Krante. Yn febrewaris koe de krante achthûndert nije, fêste abonnees ferwolkomje. Dit slagge de krante de ôfrûne tsien jier net yn dy moanne.
Haadredakteur Hans Snijder seit dat de sifers foar dizze moanne der ek goed útsjogge.