Mear melding bernemishanneling

De Tjongerschans
It earste Fryske sikehûs dat al wurket mei it nije protokol foar bernemishanneling, docht faker melding by it AMK. Dat stiet foar Advies en Meldpunt Kindermishandeling. It giet om it sikehûs De Tjongerschans op It Hearrenfean. Dat sikehûs is op 1 jannewaris fan start gien en hat no al melding fan 9 gefallen, wylst dat oars mar in stik as 5 wiene oer in jier.
Oare Fryske sikehûzen wurkje noch oan in oar protokol. Se wolle dat heal april ynfiere.