Childrens Games net mooglik
Der sille yn 2013 gjin Childrens Games hâlden wurde yn Skarsterlân en op It Hearrenfean. Foar de Olympyske Simmerspelen foar bern tusken de 12 en 15 jierren is 2,6 miljoen euro nedich.
Ut ûndersyk docht bliken dat it net slagget dit bedrach byelkoar te krijen. De resesje en grutte besunigings by oerheden en it bedriuwslibben binne dêrfan de oarsaak.