Beammekap foar folkstún

© Omrop Fryslân
De gemeente Snits set dizze wike útein mei it ferwiderjen fan beammen en struken oan de Schotanusstrjitte. Dêrmei rint de gemeente foarút op it plan fan boargemaster en wethâlders om op it plak fan de eardere sporthal in folkstún oan te lizzen. De sporthal is earder al sloopt.
De túntsjes lizze no rûnom op it terrein fan it eardere sportkompleks. Dêr wol de gemeente nijbou ha. De snoeiwurksumheden sille dien wurde troch meiwurkers fan Empatec.