Fiskstreuper betrape

08 mrt 2010 - 11:45

It fiskstreuperijteam hat op de Snitsermar in man betrape op yllegaal fiskjen. De man hie 500 meter netten útstean, dêr't sechtich snoekbearzen en 25 kilo wytfisk yn siet. De man waard betrape doe't er de fisk út de netten helje woe. Hy besocht noch te ûntkommen mei syn boat, mar dat slagge net.

Neffens in wurdfierder fan it streuperijteam waard de man foar de tredde kear betrape op yllegaal fiskjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)