Melding aksjes húsdokters

08 mrt 2010 - 11:36

Soarchbelang Fryslân ropt minsken dy't de dupe wurde binne fan aksjes fan húsdokters op har te melden. Sûnt begjin dit jier fiere de húsdokters aksje tsjin besunigings fan demisjonêr minister Klink. Dy fynt dat de beropsgroep te faak djoere medisinen foarskriuwt.

Dêrom stjoere húsdokters werhellingsresepten fan pasjinten no werom nei de spesjalist fan it sikehûs, dy't se foarskreaun hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)