Automoblist fan de dyk helle

08 mrt 2010 - 11:23

In 29-jierrige frou út Sassenheim is sneintemiddei op de A6 ter hichte fan parkearplak De Lanen by Eastersee troch oare automobilisten fan de dyk helle. De frou ried net hurder as 30 kilometer en slingere oer de dyk.

Op it parkearplak naam de man, dy't yn de laadromte fan de auto siet, it stjoer oer. Doe't de plysje de auto letter fan de dyk helle wie de frou dreech te finen. Se hie har ferstoppe ûnder tekkens. De frou wie nei alle gedachten ûnder ynfloed fan medisinen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)