Tsjûge sedemisdriuw socht

De plysje is op syk nei in tsjûge fan in sedemisdriuw yn Harns. In 19-jierrige frou waard freedtemoarn tusken seis en sân oere yn de Woudemansteech lestich fallen. Op dat momint rûn der in man of frou foarby mei in hûntsje. It slachtoffer hat om help roppen. Dat moat de persoan mei de hûn heard ha. De plysje wol graach yn kontakt komme mei dizze man of frou.
Yntusken is in 20-jierrige fertochte oanhâlden.