Ungelok Wâldwei troch glêdens

Op de Wâldwei tusken Ljouwert en Drachten hat moandeitemoarn om healwei achten in ûngelok plakfûn. In auto is nei alle gedachten troch de glêdens fan de dyk rekke en yn de sleat telâne kaam. Ien rydstrook waard ôfsletten, omdat de auto út de sleat helle wurde moast. Dêrtroch stie der in file fan rom twa kilometer.
It is noch net bekend of de bestjoerder ferwûne rekke is by it ûngelok.