Sulver foar Andrea Deelstra

07 mrt 2010 - 16:41

Hurdrinster Andrea Deelstra fan AV Hearrenfean hat by de Nederlânske kampioenskippen fjildrinnen yn Hellendoorn it sulver pakt. Deelstra hie nei 7990 meter 24 sekonden efterstân op Miranda Boonstra út Molenhoek. Troch dit resultaat prolongearre Boonstra har titel. Stefanie Bouma fan it Drachtster Impala waard alfde.

By de manlju wiene gjin Fryske súksessen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)