KV Drachten kampioen

07 mrt 2010 - 15:44

Kuorbalferiening Drachten is sneon kampioen wurden yn de oergongsklasse D. Yn en tsjin Hoogkerk waard mei 22-22 lykspile, en dat punt wie genôch foar de titel. Mei noch ien wedstriid te gean hat Drachten trije punten foarsprong op Rohda út Amsterdam.

De ploech fan trainer Nico Kraan seach yn Hoogkerk by it skoft noch tsjin in efterstân fan trije goals oan, mar wist dat yn de twadde helte rjocht te lûken. Nei ien jier binne de Drachtsters werom yn de sealhaadklasse.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)