Drugsdealer yn disko oppakt

07 mrt 2010 - 15:29

Yn in diskoteek yn Snits is sneontenacht is drugsdealer oanhâlden. In 19-jierrige jonge besocht dêr weed te ferkeapjen. In man dy't de drugs oanbean krige, moast dêr near fan hawwe en warskôge de befeiliging. Dy hat de plysje derby helle.

Bliken die dat de jongeman 24 gram weed by him hie. Hy is meinaam nei it plysjeburo. De drugs is yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)