Elma de Vries wint NK allround

07 mrt 2010 - 15:16
  • Elma de Vries en Wouter olde Heuvel yn 'e krâns (foto: Martin de Jong)

Elma de Vries is snein op Thialf Nederlânsk Kampioen allround wurden. De reedrydster ferdigene har foarsprong yn it algemien klassemint op de ôfslutende fiif kilometer mei súkses.

De Vries wie yn in streekrjocht duel mei Jorien Voorhuis rapper: 7.20,55 om 7.20,61. Marije Joling sette mei 7.28,71 de tredde tiid del. Marrit Leenstra wûn de 1500 meter. Yn einklassemint waard se tredde, Yvonne Nauta sechsde en Ingeborg Kroon 9e.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)