Martijn Barto brekt noas

Harkemase Boys-spits Martijn Barto hat sneon yn de thúswedstriid tsjin Genemuiden syn noas brutsen. De oanfaller krige yn it begjin fan de twadde helte by in frije traap de bal hurd tsjin de holle en moast mei in bloednoas it fjild ferlitte. Letter die bliken dat de noas brutsen wie.
It sikehûs advisearre Barto om fjouwer oant seis wiken rêst te hâlden. Trainer Henk de Jong wol lykwols ûndersykje oft Barto mei in masker dochs spylje kin.