Fuortrûn nei botsing
Op 'e Jouwer is in autobestjoerder dravende útnaaid nei't er mei syn BMW fan achteren op in karre riden wie. Dat barde sneontemoarn om healwei tolven op De Scheen. Plysjes hawwe noch socht nei de bestjoerder fan 'e auto, mar him net fûn. De auto is yn beslach naam. Tsjûgen mienden de fuortrinner te herkennen. Nei alle gedachten sil de plysje him gau oanhâlde. De karre hie lichte skea troch de botsing.