F16's oefenje leechfleanen

De luchtmacht oefenet de kommende wike boppe Noardwest-Fryslân yn leechfleanen. Op guon plakken fleane de F16's op in hichte fan 150 meter. De oefening is benammen bedoeld foar militêren oan 'e grûn dy't ynformaasje útwikselje mei de piloaten oer it plak dêr't se oanfalle moatte.
De Waadsee en it Lauwersmargebiet hearre ek by it oefengebiet. De oefenings binne tusken njoggen oere moarns en alve oere jûns. Op freed hâlde se om fjouwer oere middeis op.