Hurdrider klemriden op A7

07 mrt 2010 - 12:40

Fryske plysjes hawwe sneontenacht op de A7 Drachten-Grins in hurdrider achterfolge om't se tochten dat er ûnder ynfloed wie. De man reagearre net op in stopteken. Dêrnei ried er wol 180 km yn 'e oere. Yn Grinslân kamen Grinslanner plysjes derby.

De automobilist waard by de ôfrit Hoogkerk klemriden. Dêrby rûnen twa plysje-auto's en syn eigen auto skea op. De Mearumer siet der sleau by. Gebrûk fan alkohol is fêststeld, drugs moat in bloedproef noch útwize.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)