Gjin draverij mear yn Wolvegea

07 mrt 2010 - 11:11
  • Gjin draverij mear op 'e drafbaan yn Wolvegea

Der wurdt foarearst net mear draafd op de drafbaan yn Wolvegea. Dat is it direkte gefolch fan it fallisemint dat oanfrege is foar de drafbaan. Earder waard de eigner fan de grûn en de gebouwen fan it drafsintrum al fallyt ferklearre. Omdat de baan no sa goed as fallyt is, is in draverij net mear mooglik.

As der gjin keaper foar de drafbaan komt, dan wurdt dy noch foar maaie feild. Sa'n tûzen minsken komme dan mooglik sûnder wurk te sitten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)