EVT fart snein wol

07 mrt 2010 - 09:41

Minsken dy't snein mei de boat fan de Eigen Veerdienst Terschelling, de EVT, fan Skylge nei Harns soene, kinne gewoan opstappe. De fearboat fart wol nei Harns.

De rederij kin sûnt sneon net mear oanlizze yn Harns, om't Rykswettersteat it stek foar de oanlisbrêge op slot dien hat. Neffens de ynstânsje fart de rederij op tiden dat it net mei. De EVT fynt op syn beurt dat de regels fan Rykswettersteat te strang binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)