Aris ferliest yn bizar duel

07 mrt 2010 - 00:11

De basketballers fan De Friesland Aris hawwe sneontejûn yn in spektakulêr duel ferlern fan Leiden. Beide ploegen wiene oan elkoar weage. Der moasten mar leafst trije ferlingings oan te pas komme foardat de winner bekend wie.

Nei de earste ferlinging wie de stân 79-79. Nei de twadde overtime wie it 90-90. Uteinlik foel de beslissing yn de tredde ferlinging: 103-106. Darryl Monroe waard topskoarer by Aris mei 32 punten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)